Boetes foar Ljouwerter fytsers

26 jun 2009 - 10:00

De plysje hat tongersdeitejûn op twa plakken yn Ljouwert fytsers kontrolearre. Op de krusing fan 'e Oastergoawei en de Huzumerleane krigen fjirtjin fytsers in bekeuring omdat se troch read ljocht rieden.

By de Frouwepoartsbrêge waarden fjouwer minsken betrape op it fytsen op 'e stoepe, njoggen rieden tsjin it ferkear yn. Alle oertreders krigen in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)