Boetes foar lânbouferkear

12 apr 2013 - 14:16

By in kontrôle fan lânbouferkear yn trije gemeenten hat de plysje tongersdeitemiddei njoggen bekeurings útdield. Mei-inoar waarden 25 trekkers of oare lânboumasines kontrolearre.

Der giene ûnder oare bekeurings nei bestjoerders dy't de ferljochting net yn oarder hiene of fan wa't de lading te breed of te lang wie. Neist de bekeurings waard ek noch in tal warskôgings útdield. De kontrôles wienen yn Súdwest-Fryslân, Littenseradiel en Gaasterlân-Sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)