Boetes foar Henrique en Beda

03 nov 2008 - 20:23
  • Boete foar Henrique (4de fan rjochts)

Hearrenfean-spiler Paulo Henrique hat in boete oplein krigen fan syn club. De 19-jierrige spits krige de straf, omdat hy de jûn foar de útwedstryd tsjin Feyenoord yn it útgeanslibben oantroffen wie. Dêrom mocht Henrique net meidwaan oan de wedstryd tsjin Vitesse. Hy makke tsjin Feyenoord wol de 0-1 en wie ôfrûne sneon tsjin AZ ek wer goed foar twa doelpunten.

Ek Hearrenfean-spiler Pedro Beda hat him net oan it útgeansferbod fan de club holden. Hy krige ek in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)