Boetes foar drugsbesit

08 jul 2011 - 15:54

Justysje hat trije manlju ta boetes feroardiele fanwege drugsbesit. De trije, fan 51, 47 en 44 jier, wienen tiisdei oanhâlden by de grutte ynfal yn de drugsopfang yn Ljouwert. Se hienen folle mear harddrugs by har as tastien is. De boetes fariearje fan 380 oant 460 euro en binne dyselde middeis noch oplein.

Neist dy fertochten binne by de aksje noch twa drugsdealers oanhâlden, in man fan 43 en in frou fan 51. De man sit noch fêst, de frou mocht nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)