Boetes foar drankriders

24 feb 2007 - 15:12

De plysje hat freedtejûn acht auto- mobilisten op de bon slingere omdat se mei drank op achter it stjoer sieten. Twa bestjoerders hiene safolle op dat se har riidbewiis ynleverje moasten.

Yn it earste gefal gong it om in man út Langelille. Hy waard oanholden yn de buert fan syn wenplak. De twadde wie op de Stasjonswei yn Drachten. In jongeman besocht út te naaien doe't er de plysje seach. Hy waard lykwols klemset en meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)