Boetes foar boatsjefarders

19 maaie 2014 - 14:36
  • Iselmar

De plysje hat by kontrôles yn natuergebieten oan de Fryske Iselmarkust seis boatsjeminsken in boete jûn. In skipper fan in sylboat lei foar anker yn ferbean natuergebiet. In oare skipper krige in boete om't er te hurd fear. De man hie in dei earder al in warskôging krige.

Wer fjouwers oare skippers krigen in boete om't se gjin deademansknop droegen. Sa'n knop is ferplichte as minsken in boat hawwe dy't hurd farre kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)