Boetes foar alkohol-oertrêders

14 aug 2014 - 15:28

Op Skylge wurde elke wike sa'n tsien boetes útdield oan jongeren dy't de alkoholregels oertrêdzje. Under de 18 meie se gjin alkohol yn besit ha en ek net drinke. De measte bonnen bin útdield oan personen dy't drank fan de supermerk nei de camping ferfiere. Goed tritich jongeren moatte ta de bûse om't se op strjitte rûnen mei in oanbrutsen alkoholflesse. Foar wyldpisjen waarden 45 persoanen op 'e bon slingere.

Neffens de plysje bin dizze sifers net oars as oare jierren. Ek wurde kroegen en winkels kontrolearre troch saneamde mystery guests.

Dizze mystery guests binne jongeren ûnder de 18 jier, dy't besykje alkohol te keapjen yn de winkel of it kafee. Ut twa kontroles docht bliken dat hast 70 prosint fan de ûndernimmers him oan de regels hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)