Boetes by ferkearskontrôles

09 maaie 2014 - 13:53

De plysje hat by in grutte ferkearskontrôle tongersdei op de Harnzerwei yn Frjentsjer 31 automobilisten op de bon slingere. Hast de helte fan de bekeurings wie foar it net dragen fan in feiligheidsriem. Ek krigen seis bestjoerders fan lânbouweinen in boete. Fierder hat de plysje op ferskate plakken op de A7 kontrôles holden. Dêr binne yn totaal 16 automobilisten bekeurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)