Boetes falske brânmeldings

20 des 2010 - 12:11

Falske brânmeldings sille bedriuwen en ynstellings yn de takomst mooglik boetes kostje. Fan takom jier ôf wurde alle besteande automatyske brânmeldsystemen ferfongen troch nije. Yn it hiele Noarden sil úteinlik ien brânmeldsysteem brûkt wurde. De meldings komme op termyn binnen by de nije noardlike meldkeamer yn Drachten.

Nei de ynstallaasje fan it systeem sil de brânwacht mei gemeenten strenger optrede tsjin ynstellings en bedriuwen dêr't in soad loaze meldings weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)