Boetes easke foar lasershield

20 feb 2004 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert binne freed tsjin sân automobilisten mei ferbeane lasershields yn de auto boetes easke fan 225 oant 450 euro. Justysje beskuldiget de autobestjoerders fan it fersteuren fan snelheidskontrôles.

De advokaten Anker fan de fertochten pleitsje foar frijspraak. In laser- shield kin lasergunkontrôles fersteure. Neffens Wim Anker binne de regels net dúdlik. It apparaat kin ek brûkt wurde om de garaazjedoar te iepenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)