Boetes Beursplein net jildich

11 jul 2003 - 00:00

Tsientallen minsken dy't yn Ljouwert in ferkearsoertreding begien ha, hoege har boete net te beteljen. Dat komt troch in flater fan de gemeente Ljouwert.

It giet om boetes dy't minsken krigen ha dy't op it Beursplein op de busbaan riden. Mar neffens de rjochter is de busbaan net goed oanjûn en binne de boetes net rjochtsjildich. Ien fan de dupearren hie de saak oanspand. Sûnt de werynrjochting soarget it Beursplein foar in soad argewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)