Boetes by alkoholkontrôle

22 feb 2014 - 11:30
  • Autoride ûnder ynfloed

De plysje hat freedtenacht in grutte alkoholkontrôle holden yn de gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Dantumadiel. Yn totaal binne 122 bestjoerders kontrolearre.

Trije bestjoerders sieten mei in te heech promillaazje efter it stjoer. Ien fan dy trije bestjoerders hie gjin rydbewiis. It rydbewiis fan in oare automobilist wie ferrûn en ek bliek de auto net fersekere te wêzen. De plysje dielde dêr in boete foar út.

Op de Fryskestrjitwei yn Boerum waard fierder noch in automobilist beboete, om't dy mei 126 kilometer yn de oere ried dêr't 80 tastien is. Ek dizze bestjoerder krige in boete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)