Boeten by kontrôle Drachten

19 mrt 2013 - 22:38

De plysje hat tiisdei yn Drachten 16 bekeurings útskreaun by in transport- en miljeukontrôle. Mei-inoar binne 33 trekkers, graafmasines en ôffalferfierders kontrolearre.

De boeten hiene benammen te krijen mei lading dy't net goed fêst siet, it ûntbrekken fan ferljochting, oertredings by it ferfier fan gefaarlike stoffen en it riden mei te hege snelheid. De kontrôle waard hâlden troch de plysje, KLPD, de RDW, dûane en miljeutsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)