Boeren melke te folle dit jier

25 okt 2013 - 11:33

In soad melkfeeboeren sille dit jier in boete krije, om't se mear molke produsearje as tastien. Boeren dy't oan de ein fan it jier oer it kwotum hinne melke, moatte oer de ekstra liters in superheffing betelje. Dat is 27 sinten de liter. De molke bringt op dit stuit sawat 40 sint de liter op.

Oarsaken foar de hege produksje binne ûnder oare de hege molkpriis en it ôfskaffen fan it molkkwotum mei yngong fan 2015. Mei it each dêrop hawwe in soad boeren alfêst ekstra kij oanskaft en no is der te folle molke.

Om hege boetes foar te kommen wolle in soad boeren de kommende moannen kij ferkeapje. De opbringst fan de boetes giet nei de Europeeske Uny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)