Boete oertrêdzjen ferfiersferbod

23 mrt 2001 - 00:00

De plysje op Skylge hat tongersdei in proses-ferbaal opmakke. In 55-jierrige ynwenner fan Midslân wie mei syn trekker en lege hynstetrailer op de fearboat fan Harns nei it eilân ûnderweis.

It ferfiersferbod dat de lânbouminister mei it each op de útbraak fan tongblier oplein hat, jildt ek foar hynstetrailers. Op oertrêdzjen fan it ferbod stiet op syn heechst in boete fan 10.000 gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)