Boete foar yngripen yn natuer

13 aug 2004 - 16:18

Twa ynwenners fan Skiermûntseach tochten de natuer in hantsje te helpen mar binne dêrfoar beboete mei 290 euro. De manlju fan 68 en 76 jier âld krigen in boete omdat se struken om it miggefangerke (zonnedauw) weihellen. It miggefangerke hat in soad ljocht nedich.

Omdat behearder Natuermonumenten de struken net om it seldsume plantsje weihelle, besleaten de beide manlju dat sels mar te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)