Boete foar strjitrace

26 mrt 2012 - 10:11

Twa automobilisten fan 18 en 20 jier út Drachten kinne in flinke boete ferwachtsje foar it hâlden fan in strjitrace. De twa holden de race op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. In plysje seach trije auto's mei hege snelheid nei de ferkearsljochten riden. Doe't de ljochten op grien sprongen, skeaten de auto's fuort.

Tsjin de twa Drachtsters is proses-ferbaal opmakke. De offisier fan Justysje sil de hichte fan de boete noch fêststelle. De identiteit fan de tredde bestjoerder is yntusken ek bekend. Ek hy kin in flinke boete ferwachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)