Boete foar snie op autoruten

09 feb 2013 - 11:44
  • It midden en suden fan it lân waard troffen troch sniefal

Fiif automobilisten hawwe freed in bekeuring krige foar snie op de autoruten. De plysje bekeurde bestjoerders om't se harren foarrút of sydruten net goed snie- en iisfrij makke hiene. Dêrtroch wie it sicht op de dyk min.

Neffens de plysje brochten de autobestjoerders dêrmei sawol harsels as oare minsken yn gefaar. De bestjoerders moasten allegeare 220 euro boete betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)