Boete foar skutter Dominomosk

09 des 2005 - 14:18

De man dy't de Domino mosk deasketten hat, moat in boete fan 200 euro betelje. Neffens justysje hat de man de Flora- en faunawet oertreden. De man skeat de mosk dea neidat dy yn it FEC yn Ljouwert 23.000 dominostiennen omgoaid hie. Neffens justysje hie de skutter sjoen syn profesjonaliteit better op de hichte wêze moatten fan de regels.

At de skutter de boete betellet wurdt er fierder net mear ferfolge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)