Boete foar rappe brommers

10 feb 2011 - 10:06

Alve bromfytsbestjoerders hawwe woansdeitejûn op It Hearrenfean in boete krigen fan de plysje omdat de brommer te hurd ride koe. De brommers waarden op in rollerbank op snelheid kontrolearre. By ien waard in maksimum snelheid fan 109 kilometer yn de oere mjitten. Neist in boete moast de bestjoerder ek it kentekenbewiis fan syn brommer ynleverje.

De plysje skreau ek noch fiif bekeurings út foar it riden troch read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)