Boete foar Olympiakos

10 okt 2000 - 17:39

De UEFA hat Olympiakos in boete jûn fan 69.000 gûne. By de thúswedstriden yn de Champions League tsjin Hearrenfean en Lyon stutsen Grykse supporters fjoerwurk ôf en smieten se fan alles op it fjild.

Foarsitter Riemer van der Velde fan Hearrenfean siet tusken de Grykse supporters en waard der ûnderflibe. Hy flechte nei it eareterras, mar krige gjin omtinken fan de Grykse foarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)