Boete foar hûnedrol wurket

27 aug 2008 - 21:06

De gemeente Eaststellingwerf is entûsjast oer de resultaten fan in proef mei nij hûnestrontbelied. Yn parten fan Easterwâlde binne minsken sûnt trije moanne ferplicht de stront fan har hûn op te romjen.

Romje minsken de stront net op, dan driget in boete fan op syn minst 75 euro. Neffens de gemeente hâlde minsken har goed oan de nije regels. De proef mei it hûnestrontbelied is healwei. Yn desimber wurdt besjoen oft it belied trochset wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)