Boete foar Gertjan Verbeek

18 apr 2014 - 16:15
  • Gertjan Verbeek by syn oantreden 1. FC Nürnberg

Trainer Gertjan Verbeek fan 1. FC Nürnberg hat in boete oplein krigen fan fiiftûzen euro. Verbeek wegere om nei de wedstriid fan Nürnberg tsjin Freiburg nei de parsekonferinsje te kommen. De trainer út Jobbegea wie lulk op syn kollega Christian Streich, omdat dy Verbeek misledige hawwe soe oan de kant fan it fjild.

Gertjan Verbeek neamt de boete skandalich. Hy giet yn berop tsjin de sanksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)