Boete foar FrieslandCampina

07 aug 2013 - 08:00
  • Friesland Campina

FrieslandCampina is ien fan de seis bedriuwen dy't fan Sina in boete krigen hawwe fanwege ferbeane priisôfspraken. It bedriuw moat hast seis miljoen euro betelje. Foar de seis bedriuwen meielkoar giet it om 85 miljoen euro. Neist FrieslandCampina giet it ûnder oare om Nutrition en Danone.

De boete hat te krijen mei in ûndersyk fan Sina nei te hege prizen foar baby-iten. It bedriuw seit yn in reaksje de boete te akseptearjen. Neffens in wurdfierdster hat FrieslandCampina net oan de regels foldien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)