Boete foar Dútske jonges

27 jul 2010 - 10:21

Fjouwer Dútske jonges hawwe op It Amelân in boete krige. In eilanner hie sjoen dat de flagge út syn flaggemêst weihelle waard troch in ploechje jongeren en warskôge de plysje. Dy seach de jonges rinnen. Ien fan harren waard pakt, de oaren naaiden út. Op in kampearbuorkerij waarden de oare trije pakt.

Uteinlik kamen der njoggen stellen flaggen foar it ljocht. De jonges binne 13, 14 en 15 jier. De boete is foar baldadigens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)