Boete foar Drachtster bedriuw

11 apr 2014 - 06:40

De rjochtbank hat tongersdei de wurkkonstruksje fan Van der Aart Transporten út Drachten ferbean. It bedriuw lit neffens de rjochter har sjauffeurs as selstannich ûndernimmer wurkje. Se hawwe wol in wurknimmerskontrakt mar steane faak ek ynskreaun as zzp-er. Ek ferhiere in soad wurknimmers har frachtwein oan Van der Aart en wurde ôfspraken út de CAO net altyd respekteard.

Fakbûn FNV striidt al sûnt 2012 tsjin dizze wurkwize. De rjochtbank hat in boete oplein fan 1000 euro foar elke dei dat it bedriuw dizze konstruksje yn stân hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)