Boete foar bedriging mei de dea

07 feb 2005 - 21:42

In 61-jierrige ynwenner fan Aldehaske hat in boete fan 600 euro krigen omdat hy de boargemasters fan de gemeenten Hearrenfean en Skarsterlân mei de dea bedrige hat. De man hie in brief stjoerd mei dêryn de tekst dat ,,zowel burgemeester Kuiper als De Jonge op een dodenlijst staan en er aangaan."

De bedriging hie te krijen mei de takomstplannen fan beide gemeenten. De man wie benaud dat hy troch de plannen in soad jild ferlieze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)