Boete foar 80 km op miny-bike

15 jun 2007 - 10:03

De plysje hat tongersdei in jonge fan 14 jier út Wolvegea oanholden. Hy ried mei sa'n 80 kilometer op in miny-bike troch syn wenplak. Doe't er de plysje seach, naaide er út. Om't er net goed útseach, knalde er tsjin in peal. De jonge draafde hurd fuort.

Nei gesprekken mei omstanners koe de plysje de Wolvegeaster thús oanhâlde. Hy krige proses-ferbaal. Syn miny-bike hat er frijwillich ynlevere by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)