Boete driget foar Iselmarfiskers

18 sep 2000 - 16:24

De Iselmarfiskers riskearje in boete fan 25.000 gûne foar alle kearen dat se it fiskferbod negearje. Ek krije se lijen mei de fergunning. Dat seit in wurdfierder fan it fiskerijministearje.

Algemiene Ynspeksjetsjinst en plysje kontrolearje de fiskers op it wetter en út 'e loft wei. De fiskers meie fan it Ryk in wike net útfarre. Se soene har net oan 'e fangstbeheining hâlden hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)