Boerumers wolle nije huzen by mûne Windlust

29 mrt 2015 - 13:35
  • Lokaasje nijbouwykje yn Boerum

Yn Boerum binne plannen foar in nij wenwykje om mûne Windlust hinne. De njoggen huzen komme op it plak fan it fuotbalfjild. Dat wurdt net mear brûkt. De mûne is nei in grutte brân wer hielendal opnij opboud. De huzen bestean, lykas de mûne, út stien mei swart hout. Njonken it wenwykje wurdt it eardere doarpskafee ek yn de fernijingsplannen meinaam.

Twa ûndernimmers út it doarp hawwe it plan ûntwikkele. De Boerumers kinne moandeitejûn sizze wat se fan de plannen fine.

Om it nije wenwykje foar auto's berikber te meitsjen moat der wat ôfbrutsen wurde. Inisjatyfnimmer Jacco Kingma tinkt dat it bouplan foar in nije ynfolling fan it hert fan it doarp wol in kâns makket, want bûten it doarp mei net mear boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)