Boerum: ús mûne is in monumint

08 feb 2014 - 16:15
  • It doarp wol dat de mûne wer de monumintestatus krijt
  • Dúdlik spandoek yn Boerum

Ynwenners fan it doarp Boerum fine dat de mûne Windlust syn monumintestatus werom krije moat. Sneon kamen se dêrfoar yn aksje. Der binne hûnderten hântekens oanbean oan ûnder oare Twadde Keamerlid Lutz Jacobi (PvdA) en Aukje de Vries (VVD). Dêrneist is der ek in protestliet songen. Mûne Windlust baarnde hast twa jier lyn folslein ôf.

Yntusken is de mûne wer hast hielendal op 'e nij opboud en dêr binne ek in soad âlde materialen brûkt. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed fynt dat de mûne te nij is om in monumint te wêzen.

Mei aksjes besiket it doarp dêr no feroaring yn te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)