Boertjens waarnimmer yn Stiens

01 feb 2011 - 09:46

Joop Boertjens begjint op 1 maart as waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel. De 62-jierrige VVD'er wie earder wethâlder fan Delfzijl. Hy nimt de taken waar foar Eric ter Keurs, dy't beneamd is as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. De ferwachting is dat Boertjens oant ein takom jier waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel bliuwt.

Dan moat mear dúdlik wêze oer de takomst fan de gemeente en in fierdere gearwurking of mooglike weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)