Boersma siket oare fuotbalclub

25 apr 2007 - 13:35

Age Hains Boersma giet noch leaver werom nei de amateurs as dat er noch in jier langer mei de beloften fan SC Hearrenfean fuotbalje moat.

Boersma is de iennichste Fries yn de seleksje fan SC Hearrenfean. Hy kaam fan't simmer oer fan haadklasser Snits en spile mar tsien minuten mei yn it earste alvetal fan Hearrenfean. De oanfaller krige tiisdei fan de club te hearren dat er útsjen mei nei in oare club.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)