Boereprotest yn Brussel

12 jul 2010 - 14:27

Foar de safolste kear is der moandei in boereprotest by it Europeesk Parlemint yn Brussel. De feehâlders wolle in earlike molkpriis. De saneamde High Level Expert Group on Milk hat dêr oanbefellings foar dien.

Dy oanbefellings gean de boeren net fier genôch. Sy fine dat de konsumint genôch foar de molke betellet, mar dat de opbringsten op it ferkearde plak komme en dus net by de feehâlders. Ek út Fryslân is in bus mei boeren nei Brussel ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)