'Boereprodukten moatte better'

20 sep 2012 - 12:49

Fryske boeren moatte bettere produkten leverje of nei it bûtenlân ferhúzje. Dat boadskip hie televyzjepresintator en ekonomysk sjoernalist Jort Kelder tongersdei yn Frjentsjer. Hy spruts yn 'e Grutte Tsjerke op in sympoasium yn it ramt fan de Agraryske Dagen.

Op it sympoasium fertelle agraryske ûndernimmers hokker strategyen sy brûke om ynkommen te krijen en te hâlden. Neffens Kelder moat de takomst fan boeren der oars útsjen as de situaasje fan no.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)