Boeren:skea CNV-gebou fergoedzje

15 jul 2002 - 00:00

It Bûn fan Molkfeehâlders wol de skea werombetelje, oanrjochte oan it CNV-fakbûnsgebou by de suvelstaking. Lilke boeren demonstrearren doe by it gebou yn Drachten en se woene it besette. Dêrby ûntstie ek skea.

It CNV hat doe oanjefte dien fan fernieling, mar giet no net op de skea- fergoeding yn. It giet harren mear om de bedrigings dy't doe utere binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)