BoerenNatuur wer yn oerlis

19 apr 2013 - 08:05

Der hat in goed petear west tusken it bestjoer fan BoerenNatuur en deputearre Johannes Kramer. BoerenNatuur sette ferline wike it oerlis mei de provinsje oer it nije greidefûgelbelied stop. Oanlieding wie dat BoerenNatuur har net serieus naam fielde. Yn it nije belied is neffens de organisaasje te min romte foar de boeren en wurdt te min dien mei advyzen dy't se jouwe. Deputearre Kramer wie ferrast troch de krityk en sei ta yn petear te wollen. Dat oerlis hat no west. Alle misferstannen binne útpraat en oplost, sa lit Kramer witte

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)