Boeren yn Noardwest-Fryslân hawwe soad lêst fan mûzen

11 jun 2015 - 20:12
  • Fersûpte mûs
  • De mûzefersûper yn aksje yn Noardwest-Fryslân

Boeren yn it noardwesten fan Fryslân hawwe bot lêst fan in nije mûzepleach. Benammen bouboeren dy't winternôt en gerssied ferbouwe binne benaud dat se troffen wurde. It giet om boeren yn de omkriten fan Rie, Slappeterp, Dronryp, Menaam en Doanjum.

De Nederlânske Akkerbou Feriening (NAV) wol tydlik ôf fan it ferbod om gif te brûken. Oant dy tiid wurdt troch de boeren nei alternative middels sjoen, lykas behannelings mei swevel en it fersûpen fan de mûzen.

Mûzefersûper Age de Jong hat it dan ek smoardrok mei boeren yn Noardwest-Fryslân, dy't syn help ynskeakelje. De Jong is skrokken fan de sitewaasje op it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)