Boeren yn 'e bystân

01 jun 2001 - 00:00

Goed tritich boeren hawwe by de gemeente Dongeradiel oankloppe foar in bystânsútkearing. Fanwege de tongblierkrisis sitte se al in skoft sûnder ynkomsten.

Fiif boeren hawwe oant no ta ek echt jild fan 'e gemeente krige. Ien en oar is mooglik om't it ministearje de regels foar de takenning ferromme hat. De stipe is ornearre foar de earste libbensbehoeften en net foar nij fee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)