Boeren wolle kontakt mei boarger

18 okt 2003 - 00:00

De Fryske jonge boeren sille mear nei bûten ta komme om de ôfstân tusken boer en boarger lytser te meitsjen. Dat seit foarsitter Dedde Jan Tilma fan 'e Agraryske Jongerein Fryslân(AFJ). Tilma reagearre op krityk fan direkteur Oosterveld fan it ministearje fan lânbou. Oosterveld fynt dat boeren mear mei boargers yn stêden prate moatte.

Ien fan 'e ideeën is om bern op skoallen op te sykjen en út te noegjen op 'e pleats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)