Boeren wolle help gemeente

21 nov 2012 - 14:47
  • Pauguozzen

Boeren yn de Haskerveenpolder by De Jouwer wolle dat de gemeente Skarsterlân meihelpt wat te dwaan tsjin de oerlêst fan skiere guozzen yn harren lân. Dy guozzen briede op grûn fan de gemeente. Der sitte sa'n 40 spantjes dy't it gers opfrette fan de boeren.

Op fersyk fan de lokale ôfdieling fan boere-organisaasje LTO-Noord jouwe boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân wol tastimming om yn it gripen, mar sels meidwaan sit der net yn. De boeren hoopje lykwols dat de gemeente yn de maitiid dochs helpe sil mei it trochprikken fan de aaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)