Boeren wolle hegere molkpriis

09 maaie 2007 - 13:54
  • Boeren foar it kantoar yn Meppel

Yn Meppel is woansdei aksje fierd troch sa'n hûndert boeren by it haadkantoar fan Friesland Foods. De boeren wolle fiif sinten de liter mear foar harren molkpriis. Se ha dêrta in petysje oanbean oan de direksje.

De priis dy't de boeren krije foar de molke is fier ûnder de maat. Suvelprodusint Friesland Foods betellet de boeren 27 sint de liter, wylst de Amerikaanske boer omrekkene 40 sint krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)