Boeren wolle garânsjefûns

01 jan 2001 - 14:38

Boeren wolle in eigen garânsjefûns oprjochtsje om ferliezen troch in minne rispinge op te heinen. It Ryk moat dan wol finansjeel byspringe yn it gefal fan kalamiteiten. Oars soe de fersekeringspreemje te heech wurde.

Lânbou-organisaasje LTO ûndersiket op dit stuit de mooglikheden fan sa'n fûns. Yn 1998 en 2000 hiene de bouboeren bot te lijen fan wetteroerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)