Boeren wachtsje op droech waar

10 aug 2011 - 19:44
  • Foto's: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Bouboeren wachtsje op dit stuit op droege dagen om de ierappels fan it lân ôf te heljen. Op in soad plakken is it dêr te wiet foar. Der komme ek al meldings fan ferrotte ierappels. Boeren dogge dêrom harren bêst om it wetter fan it lân te krijen.

It nôt mei ek wol fan it lân ôf, mar dêr is it no ek noch te wiet foar. De kâns bestiet dat troch it wiete waar alles wat langer duorret as winsklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)