Boeren twitterje om boerewurk bekender te meitsjen

16 des 2015 - 10:57
  • Twitter

In spesjaal twitterakkount moat de kleau tusken mienskip en boerelibben lytser meitsje. It twitteraccount @boerburgertweet is dizze wike yn it behear fan Fryske boerinne Hanny Bakker fan It Heidenskip. Der binne sa'n 3700 folgers. Dit heart by in kollektyf fan Nederlânske en Belgyske boeren dy't graach sjen litte wolle wat se dogge op de pleats en yn it deistich libben. Hjirmei moatte boargers better begripe hoe't it der oan ta giet yn de lânbou.

Frou Bakker is de twadde Fryske boer dy't it twitteraccount beheare mei.

Der wurdt yntusken al 17 wiken twittere mei @boerburgertweet. Op Facebook kinne minsken de boadskippen fan Hanny Bakker ek lêze: www.facebook.com/boerburgertweet

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)