Boeren tsjin twadde earmerk

22 okt 2004 - 14:59

Noardlike skieppe- en geitehâlders sjogge neat yn de nije earmerk-regels dy't it ministearje fan lânbou ynfiere wol. Lammen en jonge geiten moatte fan july ôf in twadde earmerk ha.

De boeren fine de maatregel ûnsin. Yn 2008 komt der ien registraasjesysteem yn de Europeeske Uny. De NLTO fynt dat it ministearje dêrop wachtsje moat, ynstee fan no noch mei in eigen systeem te kommen. Dat betsjut allinnich mar ekstra kosten en wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)