Boeren tsjin mjitten lân

28 jun 2010 - 20:56
  • Mjitten mei satellyt kost boeren jild

Fryske boeren komme yn protest tsjin de nije wize fan lânmjitten. It giet lanlik om mear as 200.000 beswieren en dy kin it ministearje van Lânbou net op 'e tiid ferwurkje. It moast op 1 july klear wêze, mar dat slagget net.

It mjitten fan lân wurdt net mear dien troch meiwurkers fan it kadaster, mar mei help fan foto's fan satelliten. De ferskillen binne grut. Boeren hawwe minder of mear lân as se tochten en dat skeelt harren yn guon gefallen in soad subsydzjejild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)