Boeren stekke protestfjoer oan

26 mrt 2001 - 00:00

Nei skatting tûzenen boeren hawwe moandeitejûn fjoer makke by harren pleats. Se wolle sa dúdlik meitsje dat it dien wêze moat mei it non-faksinaasjebelied yn de tongblierkrisis.

Freed ha Fryske boeren ek al hea ferbaarnd om aksje te fieren foar it ynintsjen fan fee. Neffens de NLTO ha de boeren moandei manmachtich meidien. Guon boeren ferbaarnden hout en bannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)