Boeren stake striid tsjin Bayer

06 mrt 2004 - 00:00

Boeren stake de striid tsjin gemykonsern Bayer. Fiif jier lang ha se besocht de fabrikant fan dieregenêsmiddels te twingen ta in skeafergoeding. Dat foar it ferstrekken fan in fersmoarge faksin tsjin kowegryp, IBR.

Neffens de boeren, ferienige yn de stifting IBR-schade, hat trochgean gjin sin. It kostet tefolle jild en útsjoch op sukses is der net. Bayer hat yntusken wol de bysluters oanpast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)