Boeren Skier lêst fan guozzen

03 maaie 2011 - 16:54
  • Guozzen op it lân op Skier (Foto: Omrop Fryslân/Wendy Kennedy)
  • Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Boeren op Skier hawwe skjin har nocht fan de guozzen op it eilân. Der binne dit jier folle mear as oars. De mear as tsientûzen guozzen frette al it gers op. Dêrtroch bliuwt der neat mear oer foar it fee. It binne foaral de pauguozzen dêr't hieltyd mear fan komme. Boppedat bliuwe se langer op Skier foar't se nei Siberië fleane om de simmer troch te bringen.

Foarhinne makken se in tuskenstop op it Sweedske Gotland, mar dêr wurde se opfretten troch see-earnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)